Logo Schrijversvakschool groningen

logo Skriuwersfakskoalle klein

 

De losse kursussen

By de losse kursussen is elkenien wolkom, der is gjin foaroplieding nedich.
Is it lesjild foar dy te heech? Sjoch op www.volwassenenfonds.nl foar stipe
.

Berne-en jeugdliteratuer-ferfolch (al begûn)

Foar wa't de koarte kursus Berne- en jeugdliteratuer folge hat of ûnderfining hat dy't dêrmei te fergelykjen is:

Dosint: Paul van Dijk
Lesdata:tiisdei 18 novimber; 16 desimber 2025; 13 jannewaris 2025; 17 febrewaris ; 17 maart; 14 april; 19 maaie; 23 juny 2026, 18:45-21:30 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert

In jier lang yn alle rêst wurkje oan in jeugdboek, oan in dichtbondel foar bern. Sa giest werklik de djipte yn. Ien kear yn 'e moanne beprate wy de fuortgong. Lêsopdrachten binne part fan it proses. It is moai ast by it begjin fan de kursus al neitocht hast oer dyn projekt.

 

Literêre non-fiksje
Foar wa't de koarte kursus literêre non-fiksje folge hat of ûnderfining hat dy't dêrmei te fergelykjen is:

Dosint: Jaap Krol
Lesdata: 10 en 24 maart; 7 en 21 april; 5 en 19 maaie: 2 en 16 juny 2026, 18:45-21:30 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert

De werklikheid is bytiden frjemder as dat men jin foarstelle kin. Mar hoe werkenst in goed ferhaal?  En hoe skriuwst dat pakkend op, sûnder wat te betinken? Hoe komst  yn kontakt mei de minsken oer wa't it giet? 

By non-fiksje giet it om de skreaune sjoernalistyk, ek wol ferhalende sjoernalistyk neamd. Moaie, spannende of oangripende reportaazjes meitsje, skreaun yn geve taal, dêr giet it om. Neist it oanlearen fan in goede skriuwtechnyk learst ek feardichheden as ynterviewen, observearjen en it dwaan fan boarne-ûndersyk. Do sitst dus net allinnich achter it buro, mar giest echt it fjild yn, op syk nei ferrassende ferhalen.

Dêr't 'gewoane' sjoernalisten sa gau as mooglik ta de saak komme wolle, bewarret de ferhalende sjoernalist it lekkerst foar it lêst, ferpleatst er him yn it perspektyf fan de haadpersoan en is er op lokaasje om de sênes fan syn ferhaal fertelle te kinnen. Sûnder dêrby ek mar wat op te tinken.

In yntinsive kursus foar wa't yn koarte tiid dit sjenre trochgrûnsje wol. Rekkenje yn alle gefallen, los fan de tinktiid, op in goed deidiel skriuwwurk de les, plus de tiid dy't nedich is foar it tarieden en dwaan fan research. Ast dy ynskriuwst, giet de skoalle derfan út datst genôch tiid hast.

Lês earst de algemiene betingsten. Lês ek de privacyferklearring.

Ynskriuwe kin oant 15 febrewaris 2026 (kies stúdzjejier 1) fia:

 Inschrijven Friysk